Doarpsbelang Westereen bliid

19 nov 2012 - 08:50

Foarsitter Jan Wagenaar fan De Westereen is tige bliid dat der in fertochte oanhâlden is yn de saak-Vaatstra as gefolch fan it grutte DNA-ferwantskipsûndersyk. Wagenaar, sels âld-plysjeman, neamt de arrestaasje yn in earste reakse 'in boppeslach'. "Wy hiene dit net ferwachte, mar wy hiene der wol op hope."

Wagenaar is fierder ek bliid dat de fertochte net fan De Westereen komt. "De Westereen hat, faak net terjochte, net altiten in goeie namme. Ik bin dêrom bliid dat it net in Westerener is."

Doarpsbelang De Westereen hat earder de ynwenners fan De Westereen en omkriten ek oproppen om mei te dwaan oan it DNA-ferwantskipsûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)