Flyers útskeakele yn beker

© Nicolien Sijtsema
Friesland Flyers is útskeakele yn it bekertoernoai. Sneintejûn ferlear de ploech fan Chris Eimers mei 4-0 yn en fan Geleen. Sneontejûn wie de earste kwartfinale wedstriid noch krekt mei 3-2 wûn. Yn Geleen foelen yn de earste perioade gjin goals. Yn de twadde perioade kaam thúsploech Geleen op 1-0, om dêrnei yn de lêste perioade dien wurk te meitsjen. De Flyers kinne har no folslein rjochtsje op de kompetysje. Op sneon 24 novimber stiet yn Thialf de topper tsjin Den Haach op it programma.