Oanhâlding saak-Vaatstra

19 nov 2012 - 06:14
  • Oanhâlding saak-Vaatstra
  • Wurdfierder Henk Mous oer de oanhâlding

In 45-jarige man út Aldwâld is arrestearre foar de moard op Marianne Vaatstra. Dat hat wurdfierder Henk Mous fan it Iepenbier Ministearje befestige foar Omrop Fryslân Radio. Der soe in '100 procent match' wêze. De fertochte soe in blanke man wêze dy't op 2,5 kilometer wenne fan it plak fan de moard.

De famylje Vaatstra is op de hichte brocht fan it nijs. Sneintejûn let hawwe twa minsken fan it Iepenbier Ministearje by de famylje west. Fierdere taljochting komt yn de rin fan de dei, seit Mous.

Trefwurden: 
Marianne Vaatstra
(advertinsje)