Sulver froulju achterfolging

De Nederlânske reedrydfroulju ha snein it sulver pakt by de ploege-achterfolging tidens de earste wrâldbekerwedstriid op It Hearrenfean. Marrit Leenstra, Diane Valkenburg en Marije Joling notearren yn Thialf in tiid fan 3.02,33 en einigen dêrmei inkele tûzensten fan in sekonde foar Kanada. It ferskil wie mar 0,0006 sekonden.
It goud wie foar Dútslân, dat yn in tiid fan 3.01,14 oer de streek kaam.