Hospes wint 500m by Hollân Cup

Jesper Hospes © awfoto.nl
Jesper Hospes hat sneon it goud pakt op de 500 meter by de Hollân Cup yn Breda. De rider fan It Hearrenfean wie yn in rjochtstreeks duel krekt wat rapper as Lucas van Alphen. Hospes ried mei 35,88 in baanrekôr, Van Alphen klokte 36,27. Dat wie eksakt deselde tiid as Jacques de Koning, wêrtroch beide mannen it sulver diele moatte.
By de froulju pakte Mayon Kuipers it goud op de 500 meter. De rydster fan team Liga wûn yn in tiid fan 39,80. Floor van den Brandt waard twadde, Leslie Koen tredde en Janine Smit fjirde.
Op de 1500 meter wie der by de froulju brûns foar Manon Kamminga. Mei in tiid fan 2.04.70 moast Kamminga Irene Schouten en Janneke Ensing krekt foargean litte.
By de manlju grypte Rienk Nauta fan Twellingea krekt neist de medaljes op de 1500 meter. De rider fan Team Corendon einige as fjirde yn 1.53.80. De winst wie foar Lucas van Alphen.