Domper foar Snits Wyt Swart

18 nov 2012 - 16:04
  • Keeper Kevin van der Meulen
  • Trainer Johan Groote

Snits Wyt Swart Boso Snits hat snein mei 2-1 ferlern fan ADO '20. De Snitsers hienen in moai begjin doe't Thijs Goes yn de 8e minút de 1-0 binnenkopte. De ploech fan trainer Johan Groote wist de foarsprong fêst te hâlden oant de rêst.

Op jacht nei de lykmakker makke ADO '20 fuort nei it skoft de 1-1. Ut it neat foel de twadde Heemskerker treffer. Keeper Van der Meulen hold Snits yn de wedstriid troch in strafskop te kearen. De Snitsers kamen de teloarstelling fan de 1-2 net te boppe. In reade kaart foar Grendel makke it drama kompleet.

Trefwurden: 
fuotbal Snits Wyt Swart
(advertinsje)