Leenstra neist poadium 1000 m.

18 nov 2012 - 15:51

Marrit Leenstra is snein op de slotdei fan de earste wrâldbekerwedstriid yn Thialf krekt neist it poadium einige op de 1000 meter. Mei in tiid fan 1.15.89 moast se ploechgenoate Lotte van Beek (1.15.83) krekt foar gean litte op it tredde plak. Leenstra ferbetter wol har tiid fan ferline wike by it NK ôfstannen, dêr't se wûn mei 1.16.39.

De winst gong nei de Amerikaanse Heather Richardson (1.15.27), dy't regearend wrâldkampioene Christine Nesbitt yn in rjochtstreeks duel fersloech. It sulver wie foar de Sinese Zhang Hong (1.15.41).

Anice Das slute har Thialfdebút op it wrâldbekernivo ôf mei in 15e plak op de 1000 meter. Das sette in tiid fan 1.17.29 op it boerd. Sneon einige se op de 500 meter op it 18e plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)