600 besikers foar Media Art

18 nov 2012 - 14:05

It 15de Media Art Friesland is sneon ôfsletten mei it útrikken fan de Wim Borspriis foar it bêste keunstwurk. Dy priis waard takend oan Tom Tjon a Loi foar syn fideo-ynstallaasje Modelling Morality. Oan de priis is in jildbedrach ferbûn fan 1500 euro, dat de keunstner brûke mei foar in folgjend keunstprojekt.

De publykspriis fan Media Art 2012 gie nei Jos Volkers foar syn ynteraktive ynstallaasje Interpretator. It Media Art Festival luts dit jier yn njoggen dagen sa'n 600 besikers.

Media Art Friesland waard dit jier organisearre yn de eardere Designfabriek op yndustryterrein Ljouwert-West, in ein bûten it sintrum. De nije lokaasje hat it festival nei alle gedachten besikers koste. Ek waard it festival dit jier yn hiel koarte tiid organisearre. De lokaasje hat keunstners en besikers fierder poerbêst foldien. Media Art Friesland wie tagelyk ek warber op in pear oare lokaasjes yn Ljouwert. Op it Notfall-filmfestival presintearre Media Art in pear films, dy't goed besocht waarden, en op it Saailân hat in keunstwurk stien fan Media Art.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)