Man rydt troch nei oanriding

18 nov 2012 - 13:35

De plysje hat sneontenacht yn Ljouwert in autorider (43) út Stiens oanhâlden. De man wie trochriden, neidat hy op de Nieuweweg in tsjinlizzer raamde. De botsing wie ûntstien, omdat de Stienzer op de ferkearde weihelte bedarre wie.

De auto fan de man waard justjes letter troch de plysje wer werom fûn. De bestjoerder wie ûnder ynfloed fan alkohol en moast blaze. It rydbewiis fan de man is ynfoardere. Ek krige de man in proses-ferbaal fan de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)