Jonge oppakt nei stekpartij

18 nov 2012 - 12:27

De plysje hat sneontenacht op de Noordkade yn Drachten in jonge fan 17 jier fan De Pein oanhâlden. Hy wurdt derfan fertocht dat er yn in hoarekagelegenheid in Drachtster jonge fan 17 mei in glês stutsen hat. De twa stiene op de dûnsflier te triuwen en krigen dêrtroch spul.

It slachtoffer waard úteinlik mei in glês yn de nekke stutsen en moast him troch in dokter behannelje litte. De fertochte sit fêst foar ferhoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)