Blamaazje H'fean tsjin RKC

SC Hearrenfean is op dramatyske wize tsjin in nederlaach oprûn tsjin RKC Waalwyk. Yn it eigen Abe Lenstra stadion wûn RKC mei 2-0. Nei acht minuten makke Josefzoon de 1-0. Hearrenfean wie machteleas en kreëarde amper wat. De bêste kânsen wiene dan ek foar RKC, dat fia dyselde Josefzoon nei in oere op 2-0 kaam. De Waalwikers krigen dêrnei genôch kânsen om de fernedering kompleet te meitsjen, mar it bleau 2-0.
Neffens Filip Djuricic wie de ynstelling foar de wedstriid al net goed. Oanfierder Ramon Zomer neamde dit de minste wedstriid fan it seizoen, wylst trainer Marco van Basten it minne spul fan Hearrenfean ek net ferklearje koe: "Hoe het kan is voor mij een raadsel."