LDODK net opwoeksen tsjin PKC

De kuorballers fan LDODK/AH Gorredyk ha sneon de twadde westriid yn de kuorbal league mei 29-21 ferlern fan PKC. Yn Papendrecht holden beide ploegen de stân lang yn lykwicht. Healwei de earste helte stie der in stân fan 7-8 op it boerd. Krekt foar rêst rûn de thúsploech út nei 14-10.
Nei it skoft kaam LDODK werom oant 14-13. De thúsploech herstelde him lykwols knap en rûn opnij út. By in stân fan 23-19 wie de tank leech by de spilers fan Jan Sjoerd Pool. PKC spile de wedstriid rûtinearre út en pakt dêrmei de twadde oerwinning yn de league.
Foarige wike belibbe LDODK in geweldich debút troch yn eigen hal mei 22-18 te winnen fan Blau Wyt Amsterdam. LDODK is de earste Fryske kuorbalploech dy't aktearret op it heechste kuorbalnivo. Nije wike komt de ploech fan Jan Sjoerd Pool yn Bennekom yn aksje tsjin DVO.