Ljouwert: gjin lanlike yntocht

17 nov 2012 - 16:33

Ljouwert wol net yn 'e beneaming komme foar de offisjele lanlike yntocht fan Sinteklaas. De Fryske haadstêd is wol nominearre foar de titel fan moaiste yntocht fan Nederlân, mar de Ljouwerter organisaasje wol it feest lytsskalich en allinnich foar eigen minsken hâlde.

Yn Ljouwert wie de befolking sneon manmachtich útrûn foar de feestlike yntocht. Troch de fleurige Swarte Piten en it hast simmerske waar, wie it ek dit jier in bûnt spektakel foar jong en âld. De organisaasje is grutsk dat de haadstêd nominearre is foar de Gouden Pepernoot.

De Gouden Pepernoot is de titel foar it plak mei de gesellichste yntocht fan it hiele lân. Mar dochs soe Ljouwert net de lanlike yntocht organisearje wolle. Ljouwert geniete yn alle gefallen ek sneon wer folop fan har eigen Sinteklaas. De Goedhillichman hie it drok, want twa oeren letter makke er alwer syn opwachting yn Harns. It waar is yntusken omslein, mar dat makket de berntsjes net út.

Trefwurden: 
Ljouwert Sinteklaas yntocht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)