De Vries 9e op 1000 meter

17 nov 2012 - 16:04

Sjoerd de Vries is sneon njoggende wurden op de 1000 meter by de wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean. De Vries klokte in tiid fan 1.10.22. Dêrmei wie er lykwols stadiger as foarige wike by it NK ôfstannen, wêr't er mei 1.09.31 tredde waard.

De earste wrâldbekerwinst op de kilometer gong nei de Kanadees Denny Morrison, dy't in tiid fan 1.09.43 op it boerd sette. It sulver wie foar de Fin Pekka Koskela (1.09.51). Kjeld Nuis pakte it brûns (1.09.53).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)