Boer bêste Nederlânse op 500 m

17 nov 2012 - 15:40

Margot Boer is sneon 6e wurden op de twadde 500 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf. De rydster fan Goaiïngaryp klokte in tiid fan 38,48 en wie dêrmei lykas freed de bêste Nederlânse. Har tiid kaam lykwols net yn 'e buert fan de winnende tiid fan de Súd-Koreaanse Sang-Hwa Lee.

Lee klokte op de twadde 500 meter 37,92 en wie krekt as freed de rapste. Twadde waard de Amerikaanse Heather Richardson (38,13). It brûns wie foar Jenny Wolf (38,14). De earste wrâldbekerwedstriid ferrûn teloarstellend foar Thijsje Oenema.

Oenema kampt lykas Ireen Wüst mei grypferskynsels, mar se woe dochs ride. De rydster fan De Jouwer ferbettere op de twadde 500 meter har tiid fan freed (39,26) en sette 38,79 op it boerd, goed foar it 12e plak. Marrit Leenstra waard 14e (38,83). Anice Das debutearre mei in 18e plak (38,93).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)