Feanfroulju mei 2-0 ûnderút

SC Hearrenfean © ANP
De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ha harren tsiende wedstriid freed mei 2-0 ferlern fan Telstar. Op sportpark Skoatterwâld kamen de froulju fan trainster Jessica Thorny al nei 7 minuten op 1-0 efterstân. Binnen in healoere stie it twadde doelpunt foar de gasten út Velsen op it skoareboerd.
Nei it skoft bleau de oanslutingstreffer fan de Feanfroujlu út. Ek Telstar wist net mear te skoaren, wêrtroch de tuskenstân ek de einstân waard. SC Hearrenfean stiet mei 4 punten út 10 wedstriden noch altyd op it lêste plak yn de BeNe League.