Bobsliders tolfde yn Park City

Sybren Jansma © Omrop Fryslân
Bobsliders Sybren Jansma en Edwin van Calker hawwe de twadde wrâldbekerwedstriid bobslydzjen yn Park City freed ôfsletten mei in 12e plak. Nei de earste run stie it twatal op it 8e plak. Stjoerfoutjes yn de twadde run koste Van Calker en Jansma in klassearring yn de top 10 yn it klassemint.
De winst yn Park City gong nei de Amerikaanske wrâldkampioenen Steven Holcomb en Curt Tomacevicz. Holcomb wie ferline wike ek al de rapste yn Lake Placid. Jansma en Van Calker waarden doe knap 6e en pakten dêrmei in Olympyske nominaasje.