Swartrider út de trein set

17 nov 2012 - 12:16

In 20-jierrige swartrider út Ljouwert is freedtemiddei yn Bûtenpost út de trein set en oan de plysje oerdroegen. De man koe him yn de trein net identifisearje en wegere syn gegevens op te jaan.

Ut ûndersyk troch de plysje die bliken dat de man in falske namme opjûn hie. De man krige trije prosessen-ferbaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)