'It Paradys' ek bûten Fryslân

Profesjonele keunsters soene mear gearwurkje kinne mei amateurkeunsters. Dat fynt teaterselskip Tryater út Ljouwert. Sûnt in tal jierren hat it selskip it projekt It Paradys. Hjiryn krije jongerein de kâns om mei professionals te wurkjen. Tryater fynt dat dit goed wurket omdat keunstners in soad fan inoar leare.
It teaterselsskip hat dêrom freed in sympoasium organisearre om dit konsept ek bûten Fryslân oer te bringen. Guon belangstellenden kamen fan fier, sa wiene der ûnder oare minsken fan it muzykteater en de toanielgroep Amsterdam.