Oerlêst rûp goed te bestriden
De oerlêst fan de ikeprosesjerûp kin ienfâldich, miljeufreonlik en goedkeap bestriden wurde. Dat sizze ûndersikers fan de Plant Research International, in ûnderdiel fan de Wageningen Universiteit.
De ûndersikers hawwe ûntdutsen dat de rûpen fan de wiis brocht wurde kinne troch in natoerprodukt, wêrtroch se har minder goed oer it lân ferspriede kinne as no.