Gjin 'velomobilen' 11stêde

16 nov 2012 - 20:43

Der meie takom jier gjin 'velomobilen' mear meidwaan yn de Fytsalvestêdetocht. De lêste jierren waard de dielname fan dy fytsen troch de fingers sjoen, mar dat wol it bestjoer net langer. 'Velomobilen' binne fytsen op trije tsjillen dy't leech op de dyk lizze. Se kinne ek folle hurder as gewoane fytsen. Neffens it bestjoer fan de Fytsalvestêdetocht soargje se soms foar gefaarlike situaasjes.

(advertinsje)