Oerfal tankstasjon Easterwâlde

16 nov 2012 - 18:51

In tankstasjon by Easterwâlde is freedtejûn even nei seizen oerfallen. In man bedrige de meiwurker fan de pomp mei in mes. Dy moast de ynhâld fan de kassa ôfjaan. De man is mei in ûnbekend jildbedrach útnaaid. Der binne gjin minsken ferwûne rekke by de oerfal.

Burgernet is ynskeakele om de oerfaller op te spoaren. It giet om in blanke man fan ûngefear 1.75 lang. Hy hie in griene jas en in swarte trui oan en in plestik taske by him. De man is noch net fûn.

(advertinsje)