Thijsje Oenema 18e op 500 m.

16 nov 2012 - 18:08

Reedrydster Thijsje Oenema hat net goed prestearre op de 500 meter by de wrâldbekerwedstriden op Thialf. Se wie net fit en einige as 18e. Marrit Leenstra waard 15e, Margot Boer einige as bêste Nederlânse op in njoggende plak mei in tiid fan 38,64. De Súd-Koreaanse Sang-Hwa Lee wûn de 500 meter yn 37,85. Anice Das wûn de 500 meter yn de B-groep. Mei har tiid fan 38,90 wie se freed de twadde Nederlânse. Thijsje Oenema waard ferline wike Nederlânsk kampioene op de 500 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)