Slûs Munnikebuorren iepen

16 nov 2012 - 17:23

Yn Munnikebuorren is freed de Grachtslûs offisjeel weriepene, nei in yngeande opknapbeurt. De Grachtslûs regele oant 1960 it wetterpeil yn de Grutte Feanpolder yn Weststellingwerf en komt út op de Helomafeart. De lêste jierren lei it slûzekompleks der fertuteaze by. No binne der nije doarren pleatst en binne de muorren hielendal fernijd. De opknapbeurt hat 147.000 euro koste.

De nije slûs kin net wer echt brûkt wurde, want der sit allinnich oan ien kant doarren, oan de oare kant leit in daam yn de feart. Foarlopich is der gjin jild om dêr wat oan te dwaan, boppedat is it wetterpeil yn de polder tsjintwurdich te leech om der farre te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)