Eigen glossy foar hynder Derek

Draafhynder Derek Buitenzorg hat no ek in eigen glossy. It hynder waard in jier ferlyn fan 'e slacht rêden troch de sportredaksje fan Omrop Fryslân. De redaksje makket foar Boppeslach geregeld reportaazjes oer syn foarderings en alles dat Derek belibbet.
Yn de glossy stiet it libbensferhaal fan Derek en is te lêzen hoe't syn dei derút sjocht. De glossy wurdt presintearre op de Prijs der Giganten op 17 novimber yn Wolvegea. Nei syn eigen soap, in krysthit en opname yn de Hall of Fame fan de drafsport is dit in nij hichtepunt.
De glossy 'Us Derek' is in inisjatyf fan Klaas Jansma. De Prijs der Giganten en sadwaande ek de presintaasje fan de glossy binne sneontejûn live te sjen op ús temakanaal Omroplive.