Sinezen filmje yn Prinsessehôf

16 nov 2012 - 15:46

Keramykmuseum It Prinsessehôf yn Ljouwert hat freed in Sineeske filmploech op besite. Dy makket in dokumintêre oer porslein. Yn it museum stean in soad seldsame Sineeske porsleinen fazen. Neist Ljouwert gean de Sinezen ek noch nei Delft en Berlyn. Yn dy lêste stêd meitsje se fjouwer dagen lang opnames.

De dokumintêre hat seis ôfleverings fan elk 50 minuten. Hy sil neffens de regisseur ein 2013 útstjoerd wurde yn Sina en Ingelân.

Trefwurden: 
sinezen Princessehof film
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)