Nordfeldt net tsjin RKC

16 nov 2012 - 15:29

Hearrenfeankeeper Kristoffer Nordfeldt docht sneontejûn nei mei yn de wedstriid tsjin RKC. De Sweed is noch hieltyd blessearre oan syn boppeskonk en hat benammen lêst mei it úttraapjen. Syn plak wurdt ynnaam troch Brian Vandenbussche. Ferline wike wie Pelé van Anholt noch blessearre, mar hy is wer fit. De blessueres fan Finnbogason en Van La Parra falle ta, wylst Arnold Kruiswijk net fit genôch is. De Dútser Mark Uth sit foar it earst op de bank trochdat Matthew Amoah blessearre is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)