Eigener kamera Apenheul fûn

16 nov 2012 - 14:47

De eigener fan it fototastel dat okkerdeis yn de Apenheul fûn waard, is bekend. It giet om Alice Brouwer út Ljouwert. Sy kaam der troch de Fryske media achter dat it tastel dat yn in grêft fan de dieretún yn Apeldoarn oantroffen waard, fan har wie.

Frou Brouwer hie har fototastel by in besite oan de Apenheul yn in grêft falle litten. Meiwurkers wienen deryn slagge de geheugenkaart, mei dêrop sa'n 400 foto's, te rêden. Op ien fan de foto's wie in taart mei Fryske flachjes te sjen.

Frou Brouwer is fan doel om as tank in oranjekoeke of in flesse beerenburg by de Apenheul besoargje te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)