Ljouwerter oppakt yn Delft
In dronken Ljouwerter hat tongersdeitenacht foar oerlêst soarge op it Koningsplein yn Delft. De 22-jierrige man fernielde it rút fan in wente en makke boppedat in soad leven.
Op grûn fan syn sinjalemint koe de Ljouwerter nei in melding troch de plysje oanhâlden wurde. De man is foar fierder ûndersyk meinaam nei it buro.