Zonderland ferlit Sportstêd

16 nov 2012 - 11:08

Herre Zonderland makket per 1 jannewaris de oerstap fan Sportstêd Hearrenfean nei it nasjonale turnbûn distrikt Noard. De KNGU hat te krijen mei in weromrinnend tal leden en Zonderland sil him fral dwaande hâlde om de sport in nije ympuls te jaan. Mei as doel mear jeugd entûsjast te krijen foar it turnjen.

Zonderland wurke de ôfrûne trije jier foar Sportstêd Hearrenfean. Neist syn wurk by it turnbûn sil de âldere broer fan Olympysk kampioen Epke Zonderland, ek foar himsels oan de slach.

Zonderland sil lêzings en presintaasjes oer sport hâlde en hâldt him dwaande mei it organisearjen fan eveneminten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)