Skimmer oppakt op 'e Jouwer

© Omrop Fryslân
De plysje hat by in tankstasjon oan de Tolhúswei op 'e Jouwer in 27-jierrige Roemeen oppakt. De man wie dwaande skimapparatuer fuort te heljen dy't er earder dy deis ynstallearre hie. Dat wie by de plysje melden en dy hâlde it tankstasjon dêrom yn 'e gaten. De man is foar fierder ûndersyk fêstset op it buro. Syn auto is yn beslach naam.
Mei skimapparatuer kin in pinkoade achterhelle en dêrmei bankrekkens leechhelle wurde.