Auto yn 'e sleat
Op de A32 bij Grou is freedtemoarn betiid in automobilist mei syn wein yn it wetter rekke. De man moast útwike foar in oerstekkende hazze. Hy skeat oer it berm en de auto bedarre heal yn 'e sleat.
De man is troch de brânwacht út 'e auto knipt. Mei pine yn 'e nekke is er oerbrocht nei it MCL yn Ljouwert.