Miljeustrjitten SWF bliuwe

15 nov 2012 - 20:42

De miljeustrjitten yn Súdwest-Fryslân kinne dochs allegear iepenbliuwe. Dat docht bliken út in helberensstúdzje dy't yn opdracht fan de gemeente dien is. Der moat flink besparre wurde en dêrtroch drige sluting fan de miljeustrjitten yn Heech en Koudum. Snits en Boalsert soene iepenbliuwe. Sluting soe 150.000 euro opsmite. Mar neffens it nije ûndersyk kin ek 100.000 euro besparre wurde troch in oare manier fan wurkjen. Sa sille de miljeustrjitten minder lang iepen wêze. Eksterne brûkers, lykas de gemeente Littenseradiel, moatte mear betelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)