Rekôrtal studinten Frysk

Der studearje freed in rekôrtal studinten ôf yn it Frysk. Freedtemoarn krije fiif studinten it bachelordiploma en fjouwer helje de masterbul. De ôfdieling hat nea earder safolle haadfak-studinten hân as de lèste tsien jier. De stúdzje is sûnt koart ûnderbocht by it Ingelsktalige stúdzjeprogramma oer meartaligens en minderheden. De ferwachting is dat studinten yn dy fakgebieten in goede kâns op wurk hawwe.