Underskieding Lankhorst Snits

Keninklike Lankhorst út Snits hat fan it Financieel Dagblad de ûnderskieding Gouden Gezelle krigen. Dy ûnderskieding wurdt útrikt oan bedriuwen dy't it tige goed dogge. Om yn de beneaming te kommen moatte bedriuwen trije jier in omsetgroei fan 20 persint of mear ha en it lêste jier in posityf bedriuwsresultaat helje. Lankhorst krige de priis by de grutte bedriuwen. By de middelgrutte bedriuwen wûn Movacolor út Snits, dat dosearapparaten makket. By de lytse bedriuwen wûn kitbedriuw Sealco út Boijl.