Frjentsjerter haadredakteur ND

Frjentsjer
Sjirk Kuijper út Frjentsjer wurdt de nije haadredakteur fan it Nederlands Dagblad. Tegearre mei Rinder Sekeris, de útjouwer fan de kristlike krante, foarmet Kuijper de nije twakoppige direksje. Se folgje direkteur/haadredakteur Peter Bergwerff op. Kuijper begjint op 15 maart.
Op dit stuit is Kuijper wurdfierder fan it ministearje fan ynfrastruktuer en miljeu. Hy hat ek as sjoernalist foar it Friesch Dagblad wurke.