Lantearnen De Tille fernield

Yn Koartstertille binne it ôfrûne wykein lantearnepeallen fernield. It giet om 10 lantearnepeallen oan de Alde Dyk, de Willem Lodewijkstrjitte, De Seine en de Maria Louiseloane. Troch de fernielings ûntstiene der sneintejûn gefaarlike situaasjes omdat der te min ljocht wie. Boppedat soene bern oan de loshingjende triedden sitte kinne. Ek moandei wiene der fernielings. Dêrtroch hiene de bewenners fan de Bûterblomstrjitte moandeitejun gjin ferljochting. De plysje is noch op syk nei de dieder.