Opgravings Dokkum falle ôf

15 nov 2012 - 15:44

By de opgravings yn it sintrum fan Dokkum binne gjin weardefolle ûntdekkings dien. By graafwurk foar de wetterlieding waarden ein oktober grêfkisten fûn. Uteinlik binne net trije mar twa kisten bleatlein. It giet net om beamstamkisten sa as ferwachte, mar gewoane planken kisten dy't ek minder âld binne as ferwachte. Ien fan beide wie leech en bliuwt op it plak fan ûntdekking lizzen. Dy is by it lizzen fan de wetterlieding, dy't no ferfongen wurdt, fersteurd. Yn de twadde kiste sieten wol bonken.

Dy foarmje net ien kompleet skelet, mar binne fan meardere persoanen. De bonken sille opnij begroeven wurde. De kiste, dy't sa goed as yntakt is, wurdt tentoansteld yn it Admiraliteitshûs. Vitens wie op de hoeke fan de Anjelierstrjitte en de Kloostersingel oan it graven foar in omlizzing fan de wetterlieding. It wurk hat goed 14 dagen stillein.

Trefwurden: 
deakiste opgravings
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)