Tsjûgen socht fan mishanneling

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
De plysje siket tsjûgen fan in swiere mishanneling yn in horeakeagelegenheid oan it Ruterskertier yn Ljouwert ôfrûne wykein sneontenacht. Om in oere as 3 nachts ûntstie tumult by de húskes fan de diskoteek, dêrby rekke in 33-jierrige Ljouwerter swier ferwûne. It slachtoffer rûn in slachierlike blieding op en waard mei faasje nei it sikehús brocht. De 25-jierrige stedgenoat dy't him mishannele, waard fuortendaliks oanhâlden en ynsletten op it plysjeburo. De man sit noch altyd fêst.
Der wiene in soad tsjûgen fan it ynsidint en de plysje wol graach dat se har melde.