Boete ferfalsker frachtpapier

Tsjin in 51-jierrige frachtweinsjauffeur út it Dútske Maurik is woansdei proses-ferbaal opmakke fanwege it ferfalskjen fan frachtpapieren. De plysje hold de man op parkearplak De Leanen oan de A6 oan foar in kontrôle. De sjauffeur ferfierde feefoer mei dêr trochhinne in oare substânsje.
Neffens syn papieren wie hy ûnderweis fan Leutkirch nei Hamburg, beide yn Dútslân. Hy koe net útlizze wat er yn Fryslân te sykjen hie. Wol waard dúdlik dat de man de frachtbrief ferfalske hie, yn opdracht fan de Fryske transporteur.
Sawol de sjauffeur as it bedriuw hawwe in bekeuring krigen. It transportbedriuw moast fuortendaliks in boete fan tûzen euro betelje.