Seldsume poddestoel fûn

15 nov 2012 - 10:19

Yn it Drints-Fryske Wold is de seldsume poddestoel de Graustâlige Russula fûn. Dy poddestoel mei in okergiele hoed is slim bedrige. Oant not ta groeide er benammen op Lângoed Berkeheuvel by Diever, mar hy is no ek op oare plakken fûn. De poddestoel moat it hawwe fan earme grûn en dy is der hieltyd minder, omdat der folle mear dong brûkt wurdt om de grûn te ferbetterjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)