Noch gjin aksje Harense Smid

15 nov 2012 - 09:49

De wurknimmers fan de winkels fan de Harense Smid dy't ûntslein wurde, binne noch net sa fier dat se aksjefiere wolle foar in better sosjaal plan. Dat waard woansdei dúdlik op in byienkomst fan it fakbûn yn Hoogeveen. De wurknimmers hawwe ôfpraat dat se de bûnen de kommende dagen witte litte sille oft se dochs yn aksje komme wolle.

De Harense Smid slút yn Noard-Nederlân 9 fan de 13 winkels. Dat kostet 133 minsken har baan. De fakbûnen fine it sosjaal plan fier ûnder de maat. In part fan de wurknimmers tinkt dat der net folle te heljen falt.

Trefwurden: 
Harense Smid
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)