Wurkstraffen foar mishanneling

Twa manlju (20) út Gruttegast en De Pein hawwe tiisdei flinke wurkstraffen krigen fan de plysjerjochter. De Grinzers hiene in 19-jierrige ynwenner fan Surhústerfean út 'e tiid slein. De man út Gruttegast hie ek noch saken fernield by it multyfunksjonele sintrum yn Surhústerfean. De man út Gruttegast hat in wurkstraf fan 180 oeren krigen, de oar moat 160 oeren oan 'e slach.