Kramer yn ploege-achterfolging

14 nov 2012 - 15:41

Sven Kramer stiet sneon yn de ploege-achterfolging op de wrâldbekerwedstriid yn Thialf. Hy rydt mei Jan Blokhuijsen en Koen Verweij. Marrit Leenstra rydt snein mei Diane Valkenburg en Ireen Wüst. Se binne woansdei oanwiisd troch de KNSB. Foar de massastart, dy't net riden wurdt op de Olympyske Spelen, komme ûnder oare Jorrit Bergsma en Arjan Stroetinga yn aksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)