Gearwurking amtners yn Noarden

Amtners fan de trije provinsjes yn it Noarden sille yntinsiver gearwurkje op it mêd fan ynkeap, personielssaken, administraasje en oare stypjende tsjinsten. De provinsjes ferwachtsje dêrmei inkele tonnen euro's yn it jier te besunigjen. It is de bedoeling dat de amtners fan Grinslân en Drinte ûnder ien mienskiplike regeling falle. Fryslân docht allinnich mei yn in bestjoerlike oerienkomst. Der wurdt noch ûndersocht hoe't de gearwurking it bêste ferrinne sil.