Man wint 50.000 euro op lot

14 nov 2012 - 12:24

In 60-jierrige bewenner fan It Amelân hat 50.000 euro wûn mei in kraslot. De soan fan de man kocht in pakje sigaretten yn in supermerk yn Scheemda en naam tagelyk in kraslot foar syn heit mei. It die bliken dat it lot goed wie foar in priis fan 50.000 euro. De man wol it jild ferdiele ûnder syn pakesizzers.

Trefwurden: 
Amelân kraslot
(advertinsje)