Winstwarskôging Accell Group

Fytseprodusint Accell Group op It Hearrenfean jout in winstwarskôging oer 2012. De omset fan it bedriuw gie wol omheech, mar de winst bleau achter by it resultaat fan ferline jier. Doe is oer it lêste healjier 4,4 miljoen euro winst makke. Neffens Accell rint de ferkeap fan elektryske fytsen goed, mar stiet de ferkeap fan tradisjonele fytsen ûnder druk. De Accel Group is bekend fan merken as Batavus, Koga en sûnt dit jier it Ingelske Raleigh.