Fertochte moard is krimineel

© Omrop Fryslân
De man (44) dy't yn july oanhâlden is foar de moard op Jan Elzinga yn it Grinzer Mearum is in bekende drugskrimineel út Kampen. Dat skriuwt it Dagblad van het Noorden. De man hat fjouwer jier sitten foar grutskalige himptylt en dielname oan in kriminele organisaasje. De 40-jierrige Elzinga, dy't wurke yn Drachten, is 10 july deasketten by it swimbad yn Mearum. De syktocht nei de flechtauto brocht de plysje ûnder oare nei Noardeast-Fryslân. De auto is letter útbaarnd weromfûn yn Mearum.