Seis tips yn saak Heijltjes

Marijke Heijltjes
Yn 'e moardsaak Heijltjes fan Easterwâlde binne seis tips binnenkaam. Marijke Heijltjes waard op 12 septimber dea yn har wenning fûn. It programma Opsporing Verzocht hat tiisdei yn de útstjoering omtinken foar de saak hân. De plysje siket fiif persoanen dy't yn 'e wiken foar de moard sjoen binne yn 'e strjitte dêr't Heijltjes wenne. Boppedat binne der mooglik DNA-spoaren fûn dy't ûndersocht wurde troch it Nederlands Forensisch Instituut.