Frou op fyts yn gesicht slein

14 nov 2012 - 10:32

De plysje ûndersiket in mishanneling yn Ljouwert. In frou (22) út Ljouwert is woansdeitemoarn om fiif oere op de Nijlânsdyk by de Mauritsflat yn it gesicht slein. Se siet op de fyts doe't dit gebeurde. In ûnbekende man kaam neist har fytsen en sloech har sûnder oanlieding. De frou foel en rekke ferwûne oan gesicht en knibbel. De man fytste fuort yn de rjochting fan de Van Harinxmawei. It wie in donkere man, hy hie in glimmende wattearde jas oan en in kapusjon oer de holle. De plysje siket tsjûgen.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)